FIDEO: Pikeboer Abbegea hat wer hinnen yn de stâl

15 mrt 2017 - 16:06
  • Pikeboer Abbegea hat wer hinnen yn de stâl

De familje Hazenberg fan Abbegea hat wer hinnen. Yn desimber waard fûgelgryp oantroffen by it plomfeebedriuw. Alle goed 60.000 hinnen binne doe romme. Nei it romjen moasten de stâlen in perioade leech stean en oanslutend test wurde mei in lyts tal hinnen. Dy test mei 75 saneamde ferklik-hinnen ferrûn goed.

De earste 9.000 bisten binne woansdeitemoarn brocht. Yn maaie folgje nochris in lytse 50.000 hinnen. Hazenberg is hiel wiis mei de nije start. "We kinne wer los. Begjin april ha we wer folop aaien."

(advertinsje)