Opkomst Fryslân is 35-45 prosint; Skier is útsjitter

15 mrt 2017 - 15:36

Oer it generaal leit de opkomst yn Fryslân by de Twadde Keamerferkiezingen tusken de 35 en 45 prosint. Ljouwert bliuwt mei 32 prosint wat achter.

Lykas earder op de dei litte de Waadeilannnen wer de heechste sifers sjen. Skylge sit op 61. It Amelân op 62 en Flylân 71. Skiermûntseach spant de kroan want dêr sit it al op 98 prosint. Dêr sil it opkomstpersintaazje wol boppe de hûndert komme. Dat komt om’t gasten ek op it eilân stimme.

Oare sifers: Weststellingwerf sit op 35, Kollumerlân en Achtkarspelen op 36, Smellingerlân folget mei 37 prosint en Littenseradiel sit der deun op mei 38. Yn De Fryske Marren en op It Bilt hat 40 prosint stimd en yn Eaststellingwerf is dat 41, Harns en Súdwest-Fryslân is 42. Op guon stimburo's yn Súdwest-Fryslân is it sa drok dat der in ekstra stimhokjes pleatst binne. Yn doarpshûs It Swaeigat op It Heidenskip hat al hast 77 prosint in stim útbrocht. Yn Tytsjerksteradiel leit it persintaazje op 43.

Lanlik is it byld dat mear minsken nei de stimbus geane yn ferliking mei 2012. Minsken kinne noch oant 21.00 oere stimme.

UPDATE: De opkomst op Skier wie om 16.00 oere al boppe de 100 prosint. Der binne likernôch 770 minsken mei kiesrjocht. Al sa'n 350 minsken dy't net op it eilân wenje, hawwe dêr stimd.

UPDATE (17:30 oere): De opkomst op Skiermûntseach sit no op 114 prosint. Op it eilân is op it stuit in klassyk festival. Dêrom binne der folle mear minsken. Om dy reden sil Skiermûntseach nei alle gedachten net de earste gemeente wêze mei in útslach. By gemeenteriedsferkiezingen is dat wol faak it gefal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)