Anne Wind fynt broedsje by Harns

15 mrt 2017 - 15:06

Op in stik boulân tusken Achlum en Harns hat de 25-jierrige Anne Wind út Penjum in broedsje fûn. Yn hast alle Fryske gemeenten is no in earste ljipaai fûn. It jongste aai is fûn yn de gemeente Harns. Eaststellingwerf is noch de iennige gemeente oan de fêste wâl dêr't noch gjin ljipaai fûn is. Ek op Flylân is noch gjin aai fûn, mar dêr wurdt net aktyf nei aaien socht.

It earste ljipaai fan Fryslân waard noch mar fiif dagen lyn fûn, by Slikenboarch. Dêrnei gong it rap mei de earste aaien en dat komt mei troch it moaie waar.

In broedsje is in nêst mei fjouwer aaien.

Trefwurden: 
broedsje ljipaai Anne Wind
(Advertinsje)
(Advertinsje)