Al 100 minsken ha foarronde Grut Frysk Diktee dien

15 mrt 2017 - 14:55
Foto: Omrop Fryslân, Saapke Binnema

Yn in wike tiid hawwe al 100 minsken meidien oan de foarronde fan it Grut Frysk Diktee op de webside www.fryskdiktee.nl. Ferline jier diene yn totaal 134 minsken mei oan de foarronde. Minsken kinne har kwalifisearje troch op de webside in taaltest te dwaan. Ut de testdielnimmers mei de bêste resultaten wurde 40 kandidaten lotte dy’t oan de finale meidwaan meie op 4 april yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Omrop Fryslân stjoert it diktee op woansdei 5 april út. It diktee is dit jier skreaun troch aktrise, sjongeres en skriuwster Tet Rozendal.

Meidwaan oan de foarronde kin noch oant en mei 19 maart op www.fryskdiktee.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)