Thúswedstriden fan fuotbalklup LSC binne tenei fergees

15 mrt 2017 - 14:36

As ien fan de earste earsteklassers hâldt de Snitser fuotbalklup LSC 1890 op mei it freegjen fan tagongsjild by thúswedstriden. Dat docht de klup om mear besikers te lûken. Dat binne der no tusken de 100 en 200, ôfhinklik fan de tsjinstanner. Oant no ta waard 4 euro frege. It bestjoer wol it ferlies fan ynkomsten kompensearje mei it hâlden fan ferlottingen. De Snitser klup hopet dat oare earste klassers it foarbyld folgje. It publyk yn de earste klasse driget wat te fergrizen, it tagongsjild soe dêr in rol by spylje.

De earste frij tagonklike wedstriid is 26 maart, dan fuotballet LSC 1890 tsjin GRC Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)