Stipe foar 26 inisjativen by jubileumfeest Eaststellingwerf

15 mrt 2017 - 14:22

Mei elkoar 26 inisjativen ha subsydzje krigen foar aktiviteiten yn it ramt fan it 500-jierrich bestean fan de gemeente Eaststellingwerf dit jier. Dêrby binne it sympoasium 1517-2017 yn Aldeberkeap, de Feestwike yn Nijeberkeap, De Stellingwerver Doarpe-estafette, it Poptimaal Festival yn Waskemar en de Outdoordei yn Appelskea.

De gemeente hie 53 oanfragen krigen. In spesjale advysried hat dy oanfragen beoardiele. Dêryn is ek it tal 'likes' op Facebook meinaam.

Troch it einfeest te skrassen koe de gemeente it totale subsydzjebedrach ferheegje fan 95.000 nei 166.000 euro. De aktiviteiten wurde de hiele simmer organisearre.

Trefwurden: 
Eaststellingwerf jubileum
(Advertinsje)
(Advertinsje)