Drachtster mei trije jier lang gjin kontakt mei plysje sykje

15 mrt 2017 - 14:03
Plysjeburo Drachten - Foto: Srfotografie

In ynwenner fan Drachten hat ferline jier in skoftlang twa plysjeminsken fan it buro yn syn wenplak bedrige. Dat die woansdei bliken by de behanneling fan de saak tsjin de 55-jierrige man. De man socht in soad kontakt mei de plysjes troch by it plysjeburo yn Drachten lâns te gean en troch de plysje te beljen en te mailen. Ek bekladde er ferline jier it gemeentehûs yn Drachten mei teksten oer de twa plysjes.

De rjochtbank hat fuort útspraak dien. De man mei trije jier lang gjin kontakt mei de plysjes sykje.

Mocht er dat wol dwaan dan moat er per kear twa wiken de sel yn. De man kaam ta syn dieden omdat er him net heard fielt troch plysje en justysje. It giet dan om saken dy't yn syn ferline spilen, mar ek om in saak mei syn styfdochter. By de behanneling dêrfan wienen de twa plysjes belutsen.

De man drige yn de rjochtseal troch te gean mei syn dieden, salang it ûnrjocht dat him nei eigen sizzen oandien is net erkend wurdt.

Trefwurden: 
plysje bedriging Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)