Boargemaster Flylân kin net stimme: pas leit oan de wâl

15 mrt 2017 - 14:02

"Oeps, heel ernstig. Ik heb mijn stempas aan de wal laten liggen," fertelde Tineke Schokker. De boargemaster fan Flylân wie woansdei yn it radioprogramma fan Gijs Staverman op NPO2. "Dus mijn stem is weg, heel vervelend. Dit is me nog nooit overkomen. Ik zou mijn man nog machtigen, maar dat ben ik vergeten. Ik heb even overwogen om met de veerboot heen en weer te gaan, maar dat lukt ook niet, want ik moet op het eiland blijven."

Wedstriid

Yn it radioprogram belle Gijs Staverman mei Schokker fanwege 'the battle of the islands'. Wa hat as earste de ferkiezingsútslach: Skiermûntseach of Flylân? Om 12.00 oere hie de helte fan de stimmers op Flylân stimd. Op Skier wie dat al 65 prosint. Neffens boargemaster Dick Stellingwerf komt dat fanwege de toeristen. "Bovendien zijn er meer mensen op het eiland vanwege een artsencongres en een muziekfestival. Er was sprake van filevorming. Het wordt een harde dobber om als eerste alle stemmen te kunnen tellen."

Tineke Schokker sjocht it net as in wedstriid. "We gaan voor het goed tellen van de stemmen. En dan zien we wel wie het eerst is."

(advertinsje)
(advertinsje)