GGZ-pasjint soarget foar ûnrêst yn Frjentsjer

In GGZ-pasjint dy't yn Frjentsjer op strjitte bern oanspruts, soarge dizze wike foar in soad ûnrêst. Alden setten moandei in foto fan him op Facebook, mei de warskôging om wach te wêzen. Nei ûndersyk konstatearre de plysje dat der gjin sprake fan strafbere feiten wie. De plysje warskôge de minsken om weromhâldend te wêzen mei wat se diele op sosjale media. Dat berjocht krige ek wer in soad reaksjes. Minsken drigen it rjocht yn eigen hân te nimmen. Mei op oanstean fan de gemeente binne maatregels naam.
Dy maatregels binne dat de man tenei allinnich mei begelieding de strjitte op kin. Mei in rjochterlike machtiging is syn frijheid beheind.