FIDEO: Stimme de Fryske kandidaten ek op harsels?

15 mrt 2017 - 12:32

Foar guon Fryske politisy is it woansdei in ekstra spannende dei. It soe samar kinne dat se, nei de ferkiezings, yn de Twadde Keamer komme. Isabelle Diks stiet njoggentjinde op de list fan GrienLinks en brocht har stim út yn it stedhûs fan Ljouwert. "Ik stem altijd op mezelf. Het komt misschien raar over, maar als je niet op jezelf stemt, waarom zou iemand anders dan wel op jou stemmen?", sa seit Diks.

Ek Max Aardema fan de PVV, dy't 25e op 'e list stiet, hellet mooglik de Twadde Keamer. De Drachtster woe net sizze oft er op himsels stimd hat. "Dat is geheim en fertel ik leaver net."

Harry van der Molen liket wis fan de Twadde Keamer. De Ljouwerter wethâlder stiet as achtste op 'e list fan it CDA. Van der Molen: "Ik ha op mysels stimd. Ik ha no safolle minsken probearre oer te heljen, dus it soe hiel apart wêze as ik no net op mysels stim."

(advertinsje)
(advertinsje)