Trekker oer de kop by Tsjerkgaast

15 mrt 2017 - 12:22

Op de Strjitwei by Tsjerkgaast is woansdeitemiddei op de parallelwei in trekker oer de kop slein. Dêrby is ien persoan oan syn holle ferwûne rekke. Neffens tsjûgen begûn de trekker te slingerjen, kaam dêrnei yn de berm en sloech oer de kop.

Trefwurden: 
ûngelok trekker Tsjerkgaast
(advertinsje)
(advertinsje)