Opkomstpersintaazjes binne heger as yn 2012

15 mrt 2017 - 11:30

In soad Friezen ha woansdeitemoarn al nei de stimbus west foar de Twadde Keamerferkiezingen. Tal fan gemeenten ha de earste opkomstsifers fan 11.00 oere trochjûn.

Utsjitters binne de Waadeilannen. Op Skylge wie it 27 prosint, op It Amelân 35 prosint op Flylân hie sels al 36 prosint stimd.

Yn Menameradiel hie 12 prosint stimd, yn Achtkarspelen wie dat 16 en yn De Fryske Marren in lytse 17, krekt as yn Weststellingwerf. Yn Littenseradiel, Tytsjerksteradiel en Opsterlân en It Bilt wie it 18 prosint. Harns siet op goed 19 prosint, Eaststellingwerf, Frjentsjerteradiel  en Súdwest-Fryslân sieten op 20. Ljouwerteradiel siet om 11.30 oere op 21.

Lanlik is it byld dat 15 prosint fan de minsken dy’t stimme meie dat al foar 10.30 oere dien hawwe. Dat is heger as yn 2012. Doe hie 13 prosint fan de kiezers om healwei alven syn stim útbrocht.

Trending

Op Twitter geane woansdeitemoarn alle tsien de trending topics oer de ferkiezingen. Trending binne ûnder oare #ikstem, #slotdebat, #verkiezingsdag, #stemmen, #democratie en #verkiezingen2017.

(Advertinsje)
(Advertinsje)