Twa brommerriders yn 'e fout
De plysje hat tiisdei op de Butlânswei by Jirnsum twa brommerriders oanhâlden. In 22-jierrige man út Hoarnstersweach krige in boete foar it riden op it fytspaad. De twadde brommerrider, in 22-jierrige man fan It Hearrenfean, krige in boete foar it riden mei in kenteken dat net jildich wie.