Twitterakkount brânwacht Fryslân is hackt
It Twitterakkount fan de Fryske brânwacht is 'hackt' krekt lykas tûzenen oare akkounts. Hackers ha har woansdei tagong ferskaft ta de Twitterakkounts en dêr anty-Nederlânske teksten op pleatst. Yn de boadskippen steane de hashtag #Nazihollanda, plaatsjes fan heakkekrusen en de tekst "we zien elkaar 16 april". Op 16 april wurdt yn Turkije it referindum hâlden oer feroaring fan de grûnwet sadat presidint Erdogan mear macht krijt.
Oare hackte Twitterakkounts binne dy fan ûnder oare Amnesty International, Unicef en Borussia Dortmund.
Erdogan
De tweets binne ferstjoerd troch akkounts dy't gebrûk meitsje fan de tsjinst TwitterCounter. It liket derop dat dit fan oarsprong Amsterdamske bedriuw hackt is. Fan de hackte akkounts binne yn alle gefallen 25 fan ynternasjonale organisaasjes. Oan de twittere boadskippen sit in fideo dy't begjint mei in stik út in taspraak fan presidint Erdogan. "Als we sterven, laten we dan als mannen sterven'' seit er dêryn.
Tips
De brânwacht is hieltyd baas bleaun oer it eigen akkount en koe berjochten pleatse. Nei it oanpassen fan it wachtwurd koenen de hackers net mear op it akkount komme. De brânwacht krige in soad reaksjes wêrûnder tips fan hoe't se dit oplosse koenen.