Kollum: "Spul"

"It is it Nederlânske regear, en ek alle oare 77 politike partijen dy’t hjoed meidogge oan de ferkiezingen, min nei it sin dat der safolle oproppen dien wurde om op Fryske kandidaat-Keamerleden te stimmen.
Benammen minister-presidint Rutte is ferbjustere, al wit hy net wat dat is. "Net alsof ik in een verkeerde film zit", sei hy sneintemiddei, doe’t allegear op ûnferkiesbere plakken steande Friezen skriemend foar Omrop Fryslân fregen om op harren te stimmen. Rutte frege daliks om dé-eskalaasje, mar moandeitemoarn sette de Ljouwerter Krante wer oan, troch út te rekkenjen dat in stik as fjirtich Friezen yn de Keamer komme kinne, as alle Friezen hjoed in pompeblêd oankruse.
De aksje is op tou set troch Sybren Posthumus fan de FNP. Dy partij freget altyd om op Friezen te stimmen en docht dêrom sels net mei oan de ferkiezingen. Yn in fûle rede yn Duhoux yn Wurdum hat Posthumus it hiele Nederlânske regear ôfskildere as rânestêdelingen. Watte, hy neamde it sels in Hollânsk regear. No, dat is Rutte en Ascher yn it ferkearde kielsgat sketten. Se setten Sybren del as in Frysk beweger, en seine kwânskwiis ek dat net alle Fryske bewegers yn de oarloch goed west ha. Posthumus sei doe dat soks ek jild foar guon Hollanners. It eskalearre dus wol.
Sybren Posthumus woe ek in rede hâlde yn oare plakken yn Nederlân wêr’t grutte kriten bûtenfriezen binne. Lykas Iepeltoarne en Weinum. Posthumus woe nei Utert, mar de trein wêryn't hy siet krige in stopferbod, en doe stie der ynienen yn België. Doe hat hy skille mei Cees van Maurik, de oansteande nije foarsitter fan de FNP. Dy hat in VVD ferline, wie dus earst foarsichtich, mar Posthumus mocht dochs in stikeme taksy nimme nei Utert. Dy is lykwols oanhâlden troch de ryksplysje doe’t er yn it tsjuster oankaam by de seal fan de studinteferiening Redbad, want dêr soe hy syn ferhaal hâlde.
Dat gie lykwols net troch. De plysjes ha in kraanwein besteld en dêrmei is de auto wêryn Posthumus siet, werom nei Reduzum kwakt. In pear bûtenfriezen ha noch besocht lilk oerein te kommen, mar dy bin der te âld foar. Ien hat sels roppen dat in westerling net doocht, mar hy doelde inkeld op dy Nederlânske misdiediger yn de oarloch yn Nederlânsk Ynje. Dy’t foar it oare dêrnei noch jierren rêstich yn Fryslân wenne hat.
Jim begripe dat doe’t se Posthumus werom kwakt krigen, it Fryske folk tige lilk wie. Der hat ûnder de Aldehou in demonstraasje west. Dêr wiene wol fiif minsken. Dy raasden as murden. “We bin minder frij, minder frij”. Dochs wol tsien minuten. De gaos wie kompleet, Omrop Fryslân hat twa dagen lang ien Hjoed útstjoerd.
Yntusken ha alle reisorganisaasjes yn Hollân de fakânsjereizen nei Fryslân al ôfbrutsen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok is al ûntbean op it ministearje fan Ynlânske Saken. Mar dy bleau oerein. Hy hat sein dat Friezen de frijheid easkje om oeral en rûnom yn de wrâld te fertellen hoe wichtich as Fryske Keamerleden wêze kinne. Sterker Sybren Posthumus, o sa bekend yn de nearzige eigentalige folkjes yn Europa, hat al tastimming fan Skotlân en Kateloanië om de Friezen dy’t dêr omtouterje te bewegen op Christa Oosterbaan of Harry van der Molen te stimmen. Syn partijgenoaten prate har yntusken de bek bryk om de oaren yn de Steaten te bewegen hurde maatregels te nimmen, lykas in Frysk referindum oer frexit. Mar dy oaren begripe net wêr’t se it oer ha.
Jim begripe der ek neat fan. Mar jim sjogge it aanst wol. Alle Fryske stimburo’s ha in tsjokke swarte streek set oer alle nammen fan lju dy’t  neat mei Fryslân ha, dat bin de measten. Lju dy’t hjir wolris in kear in dei syld ha, ha in rôze wolkje krigen. Dy’t hjir kaam binne te wenjen en krekt dogge as se Fries binne, ha in giel streekje. Bûtenfriezen lykas Sybold Buma bin grien kleure. Mar de echte Friezen, lykas de nûmer 645 op de PvdA-list Foppe de Haan, bin al mei in read potlead oankrúst. Ek al seit Foppe dat hy leaver nei Turkije ferhuzet as dat hy Keamerlid wurde wol.
Sykje it asjeblieft sels út. As jim mar te stimmen gean."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.