Doarpsbelang bestiet 100 jier, tiidskapsule de grûn yn

14 mrt 2017 - 22:09

Yn Himpens-Tearns is tiisdei in tiidskapsule de grûn yn gien. Oanlieding dêrfoar wie it 100-jierrich bestean fan Dorpsbelang. Alle ynwenners fan it twillingdoarp ûnder de reek fan Ljouwert mochten wat yn de spesjale buis dwaan om sa in boadskip nei de takomst mei te jaan. Wat deryn sit, sille we de kommende 25 jier net te witten komme. De tiidskapsule fan Himpens-Tearns giet pas yn it jier 2042 wer iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)