Jong Cambuur ferliest yn eigen hûs en bliuwt op 5e plak

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat tiisdei de thúswedstriid tsjin Jong Excelsior mei 4-2 ferlern. De Ljouwerters bliuwe dêrmei op it fyfde plak yn de reservekompetysje A stean.
Milan Vissie sette Cambuur yn de 11e minút op in 1-0 foarsprong. Mar binnen 10 minuten makke Excelsior twa treffers (1-2) en dêr kaam noch in goal by, sadat Cambuur mei in achterstân fan 1-3 de rêst yn gie. Yn de twadde helte makken beide ploegen noch in doelpunt. Foar Cambuur wie dat Tarik Tissoudali tien minuten foar tiid (2-3). Flak foar de ein makke Excelsior de: 2-4.
Mei it ferlies bliuwt Jong Cambuur op it fyfde plak stean yn de ranglist. Oer fjouwer wiken treffe de beloften fan Cambuur en Hearrenfean inoar.