WMO- en learlingeferfier Noardeast-Fryslân op de rit

14 mrt 2017 - 21:14

It WMO- en learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân stiet sa goed as op de rit. Arriva docht dit ferfier no, mar it grutste part giet nei fjouwer oare ferfiersbedriuwen. Dat binne: taksy- en touringsintrale Noordoost-Friesland yn Kollumersweach, Vervoersmanagment Noord-Nederland yn Assen, taksy- en bergingsbedriuw Dorenbos yn Assen en taksysintrale Witteveen op De Lemmer.

As der gjin beswieren binne, wurdt dit op 4 april definityf. Gjinien hat ynskreaun op it ferfier op It Amelân. Dêr wurdt noch in aparte proseduere foar fierd.

It ferfier sels en de oanstjoering dêrfan - dat is de sintrale - binne elk apart oanbestege. Connexxion helle ein ferline jier de oanstjoering (de mobiliteitssintrale) binnen. Neffens wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel is foaral op kwaliteit en minder op priis keazen. De nije bedriuwen begjinne op 1 augustus mei it WMO-ferfier en op 4 septimber mei it learlingeferfier, as der gjin beswieren tsjin komme.

(advertinsje)
(advertinsje)