"Delgong PvdA leit net oan Asscher, mar oan de partij sels"

De minne resultaten fan de PvdA yn de peilings leit him net oan polityk lieder Lodewijk Asscher, mar hat te krijen mei de partij sels. Dat sei politikolooch Jouke de Vries tiisdei yn It Polytburo. De Vries wie sels ea yn de race foar it listlûkerskip fan de partij.
De problemen yn de partij hawwe te krijen mei de emansipaasje fan de arbeider. Ek de populariteit fan it populisme rekket de PvdA. Boppedat wurdt de partij ôfrekkene op de besunigings dy't it lêste kabinet trochfierd hat.
De Vries ferwachtet dat de VVD as winner út de bus komme sil by de Twadde Keamerferkiezings fan woansdei.