Monasch oer ôfsizzing Kuzu: "Ik tink dat er bang wurden is"

14 mrt 2017 - 19:29

De Snitser listlûker Jacques Monasch (Nieuwe Wegen) hat der gjin goed wurd foar oer dat syn kollega Tunahan Kuzu (Denk) ôfsein hat foar it slotdebat dat de NOS jûn hâldt. "Ik vind het stijlloos als je een paar uur voordat zo'n debat gehouden wordt afbelt. Maar die hele partij is wat mij betreft stijlloos."

Kuzu soe net mei Jan Roos (VNL) yn debat wolle, omdat Roos 'xenofoob en homofoob' wêze soe. "Dat is raar" seit Monasch. "Ik denk dat Kuzu bang geworden is."

"We weten al anderhalve maand dat we hier vanavond met elkaar debatteren, en met wie. Als Roos xenofoob en homofoob zou zijn, was hij dat zes weken geleden ook al."

Lêste kâns

Yn de measte peilingen komt de partij fan Monasch net foar. It slotdebat fan de NOS is foar him de lêste grutte kâns stimmen te winnen. "Voor ons is er vanavond nog veel te halen. We zitten in blessuretijd. Maar u weet, vorige week behaalde FC Barcelona in blessuretijd ook een mooie overwinning."

Grutte ynfloed

Monasch ferwachtet dat it lêste debat fan relatyf grutte ynfloed wêze sil op de útslach fan de ferkiezingen. "Er zijn nu veel meer zwevende kiezers dan in eerdere jaren. En we hebben ook net die rel met Turkije gehad. Daarmee krijgt het thema integratie veel meer aandacht."

Net op foarútrinne

Wat de útslach krekt wurde sil, dêr wol Monasch net oer spekulearje. "Morgen worden er in het hele land flyers uitgedeeld. Daar doe ik ook aan mee. In de loop van de middag zal ik in Sneek mijn stem uitbrengen. Belt u me donderdag maar weer. Dan ben ik van harte bereid om u over de uitslag te woord te staan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)