Ald-direkteur WTC Expo Andries de Jong ferstoarn

14 mrt 2017 - 17:38
Andries de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ald-direkteur Andries de Jong fan it WTC Expo yn Ljouwert is snein yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Hy wie 70 jier. De Jong wie earder direkteur fan de Friesland Hal en de opfolger dêrfan, it FEC. Dêrnjonken wie er ek direkteur fan de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren.

De Jong wie de man achter de komst fan it WTC nei Ljouwert. Hy hat der skoften foar striden om it kongressintrum mei hotel fan de grûn te krijen.

Trefwurden: 
Andries de Jong WTC Expo
(Advertinsje)
(Advertinsje)