Konvenant foar in bettere skuldhelpferliening

14 mrt 2017 - 17:30

Seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân en soarchfersekerder De Friesland wolle mei elkoar minsken mei skulden better helpe. Se slute dêr dizze wike in konvenant oer. As minsken te let binne mei it beteljen fan har soarchfersekeringspreemje, kin dat betsjutte dat se yn finansjele problemen driigje te kommen. De gemeenten en De Friesland wolle foarkomme dat minsken achterop reitsje mei it beteljen fan de fersekering.

Gemeenten hawwe de plicht om minsken mei skulden te helpen. Dêrom wolle se gearwurkje mei partijen lykas De Friesland om minsken te helpen skulden sa gau as mooglik ôf te lossen.

(advertinsje)
(advertinsje)