Plan foar apparteminten op terrein DAB-garaazje Droegeham

© Google Streetview
Op it plak fan de eardere DAB-garaazje yn Droegeham komme achttjin apparteminten, sa is it plan. Dat wurde 'libbensrinbestindige' huzen, foar minsken dy't der wenje oant se âld binne.
It garaazjebedriuw siet jierrenlang yn it sintrum fan Droegeham, mar ferhuze begjin ferline jier nei de râne fan it doarp, by de rûnwei. Pleatslik Belang is bliid mei it plan foar it appartemintekompleks. De hope is dat der mear trochstreaming op de wenningmerk komt.
De gemeente moat noch wol ynstimme mei de plannen foar apparteminten op it eardere DAB-terrein.