Skizofrene misdriuwpleger feroardiele ta GGZ-behanneling

14 mrt 2017 - 16:58
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Wolvegea dy't in rige misdriuwen op syn gewisse hat, moat him behannelje litte. Dat hat de rjochtbank tiisdei útmakke. De man hat in psychyske stoarnis. Hy gie de fout yn, as er in soad drank of drugs naam hie. Sa sloech er mei in bile yn op in pinautomaat yn Wolvegea. Fierders stiel er 'stroffelstiennen'. Dat binne betinkingsstientsjes dy't op de stoepe foar huzen lein binne dêr't de Dútsers yn de oarloch minsken ôffierd hawwe.

De fertochte is foar skizofreny yn behanneling by de GGZ yn Frjentsjer. De rjochtbank fynt dat dy behanneling trochset wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)