Fergunningsoanfraach ynlutsen, gjin sinnepark by Wurdum

14 mrt 2017 - 16:25

It Dútske bedriuw dat in grut sinnepark oanlizze woe by Wurdum hat de fergunningoanfraach ynlutsen. It bedriuw docht dat neidat tiisdei dúdlik wurden is dat boargemaster en wethâlders fan Ljouwert dêr net oan meiwurkje wolle.

Doel wie dat der tusken Wurdum en Ljouwert 41 hektare mei sinnepanielen oanlein wurde soe. Doarpsbelang Wurdum spruts him earder ek al út tsjin dat plan. De organisaasje fûn it park benammen fierstente grut.

(advertinsje)
(advertinsje)