Wetterplysje fiert aksje, plysjeboaten farre net út

14 mrt 2017 - 15:38

De boaten fan de wetterplysje bliuwe foarearst foar de wâl lizzen.Yn Fryslân giet it yn alle gefallen om twa grutte boaten: ien yn Snits en ien yn Harns. Lanlik giet it om tolve grutte boaten in grut tal lytsere.

Plysjefakbûn ACP hat de aksje oankundige. De plysjeminsken bliuwe wol oan it wurk. Se binne beskikber foar needoproppen. De Wetterplysje fiert aksje omdat se kapotbesunige wurde, sa sizze se. Der wurde te min minsken oannaam om it wurk goed te dwaan, seit it fakbûn.

Trefwurden: 
wetterplysje Snits Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)