Selstraf easke foar meitsjen fan berneporno

14 mrt 2017 - 15:13
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in man út Oentsjerk is in selstraf fan trije moanne easke, foar it meitsjen fan berneporno. De man makke foto's fan twa famkes fan 5 en 8 jier út syn famylje. De plysje kaam de man op it spoar doe't syn frou oanjefte die fan geastlike mishanneling. De plysje fûn doe foto's fan ûnder oare de twa famkes.

Saakkundigen sizze dat de man pedofile gefoelens hat. De fertochte is dêrfoar yn behanneling. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
berneporno Oentsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)