Plysjes frijsprutsen fan swiere mishanneling ynbrekker

Rjochter © Omrop Fryslân
De rjochter hat twa plysjeminsken frijsprutsen fan swiere mishanneling fan in ynbrekker. De rjochtbank fûn dat net bewiisd wurde koe dat de plysjes de man opsetlik swierferwûne hawwe. De man waard yn Ljouwert betrape by in ynbraak en naaide út op de fyts. Doe't de plysjes him seagen, rieden se him klem. De man foel en bruts syn ankel.
Hy die oanjefte fan swiere mishanneling en liet de saak foarkomme. De rjochtbank seit no dat it de plysjes net oan te rekkenjen is dat de man ferwûne rekke.