Hierhuzen fan korporaasje Elkien wurde enerzjyneutraal makke

14 mrt 2017 - 13:46

Wenningkorporaasje Elkien en boubedriuw Dijkstra Draisma binne in pear wike lyn begûn mei it enerzjyneutraal meitsjen fan alle 15.000 hierhuzen fan Elkien. Dat moat oer goed tsien jier klear wêze. It is in projekt dat no finansjeel noch net út kin.

Beide bedriuwen wolle net wachtsje oant it wol rendabel is. Want dat duorret se fierstente lang. De earste grutskalige ferbouwing fan 55 huzen is op it stuit dwaande yn de Jan Lievenstrjitte yn Ljouwert.

(advertinsje)