Fuotbalfroulju GSVV yn it geheim filme yn klaaikeamer

Spylsters fan it frouljusteam fan fuotbalklup GSVV út Gerkeskleaster binne yn it geheim filme yn harren klaaikeamer troch in lid fan de klup. Guon froulju hawwe oanjefte dien tsjin dizze persoan. Neffens foarsitter Anton van der Meer binne de froulju filme wylst se har dûsten en omklaaiden. Dy bylden kamen foar it ljocht by in oar ûndersyk fan de plysje nei de man, sa seit Van der Meer. Ek soe er neffens him mar ien kear filme ha. De persoan yn kwestje is skorst. De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de bylden.
Van der Meer seit dat de plysje gjin oanwizingen hat dat de bylden fierder ferspraat binne. Binnen it bestjoer is skokt reagearre. Der wurdt neitocht oer maatregels om werhelling foar te kommen. De plysje docht noch ûndersyk nei de saak en wol foarearst net reagearje.