BFVW is drok dwaande mei alle earste ljipaaien

14 mrt 2017 - 12:29

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat it smoardrok mei alle earste ljipaaien fan Fryslân. Yn trijekwart fan de gemeenten is it earste aai al fûn. Freed waard yn de greide by Slikenboarch it earste aai fan Fryslân ûntdutsen en sûnt dy tiid rint it stoarm. Der binne noch mar fjouwer gemeenten dêr't it earste ljipaai noch net fûn is.

"It is net te leauwen hoe snel dat gong is", fertelt Marco Hoekstra fan it BFVW. Dochs komt it foar him net as in ferrassing. "We hienen in wiete oanrin mei dêrnei in soad sinne. Dat binne ideale omstannichheden foar de ljip."

Gearkomsten

Om't it BFVW dit jier gjin ûntheffing oanfrege hie foar it aaisykjen, meie aaien net meinommen wurde en leit de klam op neisoarch. Dêrom organisearret it bûn fjouwer gearkomsten om de fûgelwachten by te praten oer de neisoarch. Tiisdeitejûn is de earste gearkomste op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
ljipaai ljip BFVW aaisykjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)