Oername grienmeiwurkers troch gemeenten net rjochtsjildich

14 mrt 2017 - 12:15

It beslút fan de gemeenten Ljouwert, Achtkarspelen en East- en Weststellingwerf om grienmeiwurkers fan Caparis oer te nimmen, is net rjochtsjildich. Dat skriuwt Caparis yn in brief oan alle acht gemeenten dy't oansletten binne by de wurkfoarsjenning. It giet om in beslút dat iensidich naam is, mar gefolgen hat foar alle acht gemeenten, seit Arie Aalberts, foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Hy skriuwt ek dat earst dúdlik wurde moat hoe't de grienwurksumheden oernaam wurde.

Dêrby moatte de finansjele konsekwinsjes en de gefolgen foar it personiel dúdlik wêze. Op basis dêrfan kin der in beslút naam wurde, seit Caparis, en net earder. Oant dy tiid feroaret der neat wat Caparis oanbelanget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)