Ofharkstasjon Boerum fertraget yntroduksje fan 5G

14 mrt 2017 - 12:01
Foto: ANP

It ôfharkstasjon yn Boerum driget de yntroduksje fan it rappe 5G-netwurk foar mobile tsjinsten yn Nederlân te frustrearjen. Dat seit KPN. De ynljochtingstsjinsten AIVD en MIVD brûke by it stasjon yn Boerum deselde frekwinsje, dy't de Europeeske Uny oanwiisd hat foar it 5G-netwurk.

Dêrmei driget Nederlân syn kopposysje kwyt te reitsjen en rint de yntroduksje fan selsridende auto's, dy't fia 5G wurkje, fertraging op. It ministearje wol net reagearje op de krityk fan it telekombedriuw.

Trefwurden: 
Boerum 5G netwurk mobyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)