Eaststellingwerf hâldt foarearst behear útkyktoer Appelskea

© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De gemeente Eaststellingwerf bliuwt foarearst ferantwurdlik foar it behear en de eksploitaasje fan de nije útkyktoer op De Bosberg by Appelskea. De gemeente hie it behear oerdwaan wollen oan de inisjatyfgroep Appelskea-regio 3.0, mar dy is der noch net klear foar. Om foar te kommen dat der oan it begjin fan it toeristeseizoen in ympasse ûntstiet oer it behear fan de publykslûker, hâldt de gemeente it behear foarearst yn eigen hân.