Fotograaf kontrolearret reklame fan bedriuwen op De Gordyk

14 mrt 2017 - 11:16
Foto: Omrop Fryslân

Bedriuwen op De Gordyk kinne fan dizze wike ôf in fotograaf fan de gemeente ferwachtsje. Dy leit fêst oft der reklame fan it bedriuw sichtber is fan de iepenbiere dyk ôf. Is dat it gefal, dan kin de eigener in oanslach foar reklamebelesting ferwachtsje.

Dy fariearret fan 150 oant 750 euro. It jild dat mei de oanslaggen ophelle wurdt, is bedoeld foar it krekt oprjochte ûndernimmersfûns. Dêrút wurde saken betelle dy't foar mear klanten foar de bedriuwen op De Gordyk soargje moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)