Man (25) fertocht fan ynbraak yn tsjerke Aldebiltsyl

© ANP
De plysje fertinkt in 25-jierrige man út de gemeente It Bilt fan ynbraak yn in tsjerke yn Aldebiltsyl. Dêr gie moandeitenacht tsjin healwei twaen it alarm ôf. By oankomst seagen plysjes dat in sket foar in rút fuort helle wie. Dat sket wie dêr delset, neidat der moandeitejûn ek al ynbrutsen wie yn de tsjerke.
Nei de twadde ynbraak koe de fertochte yn de omkriten fan de tsjerke oan de Ds. Schuilingstrjitte oanhâlden wurde. De man is meinommen nei it buro en wurdt heard. It is noch net dúdlik oft der ek guod meinommen is út de tsjerke.