Fertraging It Fean-De Jouwer is foarby

14 mrt 2017 - 09:38
Foto: De Vries Media

Ferkear op de A7 hat tiisdeitemoarn foar de rotonde by De Jouwer lêst hân fan in oanriding wêrby't fjouwer auto's belutsen wiene. It ûngelok wie op it stik dyk fan It Hearrenfean nei De Jouwer, wêrnei't de rjochterrydstripe ôfsletten waard. Der ûntstie in file fan sa'n 7 kilometer, wêrtroch de fertraging oprûn oant hast in healoere. Nei njoggenen waard de dyk wer frij jûn.

Trefwurden: 
file It Hearrenfean De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)