Kollum: "Stimadvys: etnysk profilearje, graach"

14 mrt 2017 - 08:22

"It begûn mei in tip fan in kollega. Oft ik wol wist dat de ChristenUnie harren partijprogramma ek yn Jip en Janneketaal op de site hie te stean. Dat wist ik net, en dus sette ik my achter de PC.

Hy hie gelyk. Behalve yn it Frysk fynt men it programma yn it folgjende taalgebrûk: ‘De mensen in Nederland kiezen de regering. Elke vier jaar mogen ze een nieuwe regering kiezen. De regering is de baas in Nederland. De regering, dat is de koning samen met de ministers. De belangrijkste minister is de minister-president.’ Mei in betizing, grutter as dy fan Paris Saint Germain nei in wedstriid tsjin Barcelona, begûn ik te sykjen oft mear partijen soks hiene. Dêrmei sette in speurtocht sûnder wjergea út ein.

It die bliken: D66 en de SP hiene ek in Jip en Janneke ôfdieling. 50Plus net. Dat hoegde ek net, omdat it programma al sa skreaun wie. Sûnder mis mei it each op de doelgroep. Prominint op de site fan 50Plus wie it berjocht dat Henk Krol mei in geweldige comeback bezich wie. Hy koe ûnderwilens de WAO en de AOW útinoar hâlde, krekt as de CAO en it AOC, in SOA en it AOS en de CNV en it NVC. Hy felisitearre no sels minsken op twitter dy’t noch libben! Hartstikke posityf. Krekt as D66. Want dy kieze foar in opmerklik ideaal, nammentlik dat fan in Optimistysk Nederlân. Se ha Nathan Rutjes fan Roda JC op it each foar minister fan Sport, André van Duin foar Sûnenssoarch en Emile Ratelband foar Ekonomyske Saken. Allinne spitich dat Pechtold sels altyd sa treurich yn de kamera sjocht, as in Sint Bernard sûnder fetsje drank.

Dêrnei belâne ik op de site fan de VVD. ‘Help ons Nederland te verbeteren’ stie dêr midden op it skerm. Mei it fersyk om fiif, tsien of fyftjin euro oer te meitsjen. It adagio fan de VVD yn ien sin gearfette. It folgjende stasjon wie dat fan de PVV. Harren programma bestie yndie út ien A-4, sa te sjen ynscand mei in scanner út 1882. Mar al hoe beheind ek, der stiene toch in pear opmerklike dingen yn. Lykas: ‘Islamitische hoofddoekjes niet in publieke functies.’ Om earlik te wêzen ha ik noait witten dat holledoekjes in selsstannich bestean hiene. Mar it stie der, dus is it wier. It’s true, it’s absolutely true. Fierder wolle se net dat der jild nei keunst, ynnovaasje en de omrop giet. Gjin jild mear foar ynnovaasje. Wy rinne op dat mêd al achter op de rest fan Europa, mar it moat blykber noch achterliker.

Fol gas troch nei de SGP. Ien fan harren stânpunten is Aids. De remeedzje: gjin seks foar it houlik. En trou yn it houlik. Geniaal. Sa’n remeedzje kinst op alles tapasse. Lykas op autoûngemakken: stap net yn in auto! En ast der al yn sitst: hâldt dy oan de regels! Sa ienfâldich kin it wêze. Trouwens, de ChristenUnie hat útlein dat it programma yn Jip en Janneketaal ornearre is foar minsken mei in ‘verstandelijke beperking’. Ik soe dêr in grap oer meitsje kinne, mar ik doch it net.

Nei dizze speurtocht wol ik jim graach achterlitte mei in stimadvys. Yn ’t foarste plak: doch it. Yn ’t twadde plak: stim op in Fries. In bytsje etnysk profilearje mei wol.

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)