Cambuurtrainer Sipke Hulshoff: "It wie in knotsgekke jûn"

13 mrt 2017 - 22:54

"It wie in knotsgekke jûn", sa reagearret trainer Sipke Hulshoff fan Cambuur op de 7-2 oerwinning fan syn ploech tsjin FC Oss. "Ast it ferrin fan de wedstriid seachst en dan foaral de earste helte, dan soest net tinke dat we mei 7-2 winne soene. De earste helte rûn hielendal net goed, mar yn de rêst ha wy dat omset en dêrnei wie it ienrjochtingsferkear."

It wie de jûn fan Stefano Lilipaly, hy makke twa goals en holp teamgenoaten geregeld by it skoaren. Dochs is hy benammen grutsk op it hiele team. "We hebben het als team gewoon goed gedaan. Ik kon vandaag belangrijk zijn voor het team en dat ben ik graag. Dat is alleen maar mooi."

Ek foar Sander van de Streek wie it in moaie jûn. Hy makke de earste trije goals tsjin Oss en dy wiene fan útsûnderlike klasse. "Het waren goed uitgespeelde doelpunten en goed dat Stefano ze twee keer panklaar voor me legde en ik ze in één keer kon inschieten natuurlijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)