FOTO: Brânwacht rêdt boargemasters by oefening

13 mrt 2017 - 22:25

Ferskate brânwachtkorpsen út Noardwest-Fryslân hawwe in tekoart oan frijwilligers. Om klam te lizzen op in nije wervingskampanje, hawwe de korpsen moandeitejûn in grutte oefening hâlden yn Harns. De brânwacht fan ûnder mear Harns, Frjentsjer, Menaam, Stiens en Hallum moasten trije boargemasters rêde. Roel Sluiter fan Harns siet klem yn in auto, wylst Eduard van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel en Tom van Mourik fan Menameradiel mei in heechwurker fan in kontener helle wurde moasten.

De wervingskampanje fan de korpsen bestiet út ferskate ûnderdielen. Sa binne manlju tusken de 18 en 40 oanskreaun. Ek hat de brânwacht flyere. Der moatte nije frijwilligers komme om de brânwachtkorpsen yn stân te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)