Jong Hearrenfean wint mei 3-0 fan Jong ADO Den Haag

13 mrt 2017 - 20:45
Foto: SC Heerenveen.nl

Jong Hearrenfean hat it moandeitejûn net dreech hân tsjin Jong ADO Den Haag. De Feanster hienen fan de earste minút ôf it oerwicht en wûnen thús mei 3-0 fan de Hagenezen. Twa fan de trije goals waarden makke troch spits Henk Veerman. Hy brocht Hearrenfean nei 35 minuten spyljen op 1-0 foarsprong. Trije minuten nei rêst fersulvere er in penalty foar in oertrêding op Younes Namli: 2-0. Yn de 73e minút sette Michel Vlap de 3-0 op it boerd.

Troch de winst bliuwt Jong Hearrenfean oan de lieding yn de reservekompetysje fan de beloften.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)