Ljouwert wol yntsjinjen WOB-fersyk dreger meitsje

13 mrt 2017 - 20:04

De gemeente Ljouwert komt mei maatregels om foar te kommen dat minsken manmachtich WOB-fersiken yntsjinje. Elkenien dy't in berop op de Wet Openbaarheid Bestuur dwaan wol, kin dat tenei allinnich fia in spesjaal online-formulier of âlderwetske brief dwaan. Oant no ta koe dat ek fia e-mail, WhatsApp en Twitter.

Troch it 'wobben' heechdrompeliger te meitsjen, hopet wethâlder Friso Douwstra dat der yn de takomst minder WOB-fersiken komme sille. De gemeente Ljouwert hat bot lêst fan minsken dy't sa'n fersyk yntsjinje.

Amtners binne oeren dwaande mei de korrespondinsje en as de gemeente te let reagearret op in WOB-fersyk, kin dat in soad jild kostje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)