"Oermachtich Oranje net goed foar ynternasjonaal reedriden"

De goede prestaasjes fan de Nederlânske reedriders binne in probleem foar it wrâldwide reedriden. Dat seit foarsitter Jan Dijkema fan de Ynternasjonale Reedriiduny ISU tsjin de NOS. De 72-jierrige sportbestjoerder hat mingde gefoelens oer it seizoen dat no krekt ôfrûn is.
Sven Kramer, Kjeld Nuis, Ireen Wüst of in oare Nederlânske topper soargen der yn it ôfrûne seizoen gauris foar dat it Wilhelmus te hearren wie. Neffens Dijkema is it foar it wrâldwide reedriden tige wichtich dat der mear nasjonaliteiten op it poadium komme te stean.
De ISU sil dêrom mear ynvestearje, om wrâldwiid mear ûntwikkeling te generearjen. Der wurdt ûnder oare tocht oer ynvestearringen yn it Súd-Amerikaanske inlineskaten. Om fia dy wei ek it langebaanriden fan de grûn te krijen. "Inlineskaters die gaan schaatsen, staan binnen de kortste keren op het podium," sa seit Dijkema.