Miljoene-ynvestearring en 50 wurkplakken derby yn Eanjum

De flagge koe moandei út yn Eanjum. De bou fan it nije multyfunksjonele sintrum gie lang om let los. De akkommodaasje yn it hert fan it doarp jout romte oan it doarpshûs, de tsjerke, húsdokter, berne-opfang, kapper en kantoaren foar de thússoarch en de NAM.
De NAM krijt yn it nije kompleks syn regiokantoar mei mar leafst fyftich wurkplakken. Fan Eanjum út sil de gaswinning út lytse fjilden yn it Noarden koördinearre wurde. In wurdfierder sei by de start dat it doel is om noch seker tweintich jier aktyf te bliuwen yn Eanjum.
De nije MFA moat yn novimber oplevere wurde, sadat it yn jannewaris 2018 yn gebrûk naam wurde kin.