Fertiliteitsklinyk krijt 8,6

25 okt 2011 - 11:24
Lytse poppe - Foto: ANP XTRA

Pasjinten fan de fertiliteitsklinyk fan it MCL yn Ljouwert jouwe har behanneling gemiddeld in 8,6. Dat docht bliken út ûndersyk fan Freya, de feriening foar minsken mei fruchtberheidsproblemen. It MCL stiet mei it sifer lanlik sjoen op in twadde plak. By it ûndersyk is foaral frege nei pasjintfreonlikheid. By in fertiliteitsklinyk wurde froulju en manlju holpen dy't minder fruchtber binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)