Ferkiezingsbuorden yn Dokkum bekladde

13 mrt 2017 - 17:13

Yn Dokkum binne ferskate ferkiezingsbuorden fan politike partijen ûnder de swarte ferve set. It giet om buorden fan de PvdA, de VVD en it CDA. Op guon posters binne de hollen fan politisy swart makke. Op oare buorden is mei swarte letters 'PVV' set. Der is noch gjin oanjefte dien, mar de gemeente Dongeradiel slút net út dat der politike partijen binne dy't dat noch dwaan sille. Wa't derachter sit, is net dúdlik.

Trefwurden: 
ferkiezingsboerd Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)