Plomfeehâlder Abbegea mei wer hinnen ha

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Plomfeehâlder Hans Hazenberg yn Abbegea mei wer hinnen yn syn stâlen hawwe. De stâlen binne de ôfrûne trije wiken mei 75 saneamde ferklik-hinnen test. Dat wie neidat der yn desimber fûgelgryp op it bedriuw fan Hazenberg fûn waard en alle goed 60.000 hinnen romme wurde moasten. Dêrnei moasten de stâlen in perioade leech stean en oanslutend test wurde mei in lyts tal hinnen. Omdat dy test goed ferrûn is, mei Hazenberg no wer hinnen oankeapje. Kommende woansdei komme de earste 15.000 bisten, yn maaie folgje nochris in lytse 50.000.