Himpkwekerij fûn yn bedriuwspân yn Easterwâlde

© Plysje
Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf hat in bedriuwsgebou oan de Ploeggang yn Easterwâlde sletten, omdat der in himpkwekerij fûn is. De sluting is ferline wike yngien en duorret fiif moannen. Gemeenten trêde tsjintwurdich strang op tsjin drugstylt en drugshannel. Op grûn fan de Opiumwet kinne boargemasters gebouwen slute as der bygelyks yn drugs hannele wurdt of as der weedkwekerijen yn sitte.