Jonkje (6) rydt flatgebou Snits yn

© Twitter Edwin Bijl
In jonkje fan seis jier is moandeitemiddei mei de auto fan syn mem in flatgebou oan de Loengasterleane yn Snits ynriden. De mem wie krekt even fuort, mar hie de kaai yn de auto achterlitten. It jonkje krige de auto oan de praat en is achterút mei de auto in hal fan de flat ynriden. It bern is mei de skrik frij kaam. De auto en it flatgebou rûnen wol skea op, de hiele glêzen foarkant fan de hal is stikken.