Wetterhúshâlding op seis plakken oanpakt

13 mrt 2017 - 15:47
Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wetterskip Fryslân wurket op seis plakken oan in bettere wetterhúshâlding yn Ferwerderadiel en
Ljouwerteradiel. Yn de polder by Koarnjum is it wurk ôfrûne freed begûn. Om wetteroerlêst te beheinen is mear romte nedich foar it bergjen fan wetter by ekstreme delslach. De wettergongen yn de beide gemeenten wurde breder makke. Ek komme der ûnder oare natuerfreonlike wâlskanten en gruttere dûkers. Raard, Hijum en Hallum folgje noch. Earder is al yn Stiens wurk ferset. It wurk moat ein dit jier klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)